Krekt as ferline jier organisearret de ‘Behearsgroep Fuotbalkoai’ ek yn 2017 yn de fuotbalkoai oan ’t Harstepaed, op saterdei 15 july, om 14.00 o. in toernoai.

Dielname
- jonges en famkes tusken 6 en 16 jier.
- der wurdt spile yn 2 leeftiidsgroepen,  6 o/m 12 jier en 12 o/m 16 jier

Wat is der te dwaan?
- heechhâlde: hoe faak kinst de bal spylje sûnder dat dy op ‘e grûn komt?
- ‘latje-trap’: kinst fan ‘e middenlijn ôf de doellatte reitsje?
- ‘panenka’ : kinst fan ‘e middenlijn ôf de bal mei in boog achter de doellijn stuitsje litte?
- ‘myn moaiste trúk’: kinst in keunstje mei de bal dat net ien oars kin? (in kundige sjuery sil dit ûnderdiel beoardiele).

Opjaan?
Dat kin by Wijbe Postma (’t Hof 5, tel. 471615 of w.postma20@chello.nl) mar… hoecht net beslist: kom mar gewoan nei de fuotbalkoai.

Prizen
Dizze wurde wer levere troch de V.V. Eastermar.

voetbalkooi

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: