Op 9 juni hat de wettersportdei fan WSF Tusken Mar & Leyen plak fûn foar de basisskoallen. Alles wie der klear foar by paviljoen De Leyen, der soene 10 bern fan de Bolster en 17 fan De Balsemyn meidwaan. De bern fan de Balsemyn ha oan ien workshop mei dien yn de middei. Troch it minne waar koe it moarns net trochgean. Foar de bern fan de Bolster is it derom net trochgien. Dit is fansels skande, mar it koe net oars. De workshops binne lieden troch studinten fan it CIOS Friesland college ut Hearenfean. Foar harren wie it in examenopjefte. Yn 2018 is wettersportferiening foarnimmens in grut wettersportfeest foar de bern te halden op freed 13 juli. Wy hoopje dan fansels op mooi waar foar alle bern.

IMG 6892

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: