Hilly Harms rint krekt foar ús út nei Theater Meerzigt. Se hâldt de doar iepen: “Jimme sille der ek wol yn wolle. Justerjûn wie in sukses, seinen se.”

It is de twadde jûn dat Hilly Harms mei Douwe Kootstra ferhalen fertelt út de samling fan Dam Jaarsma. De jûn dêr't it Dam Jaarsmajier mei ôfsletten wurdt. Iris Rusz hat in spesjaal wurd fan wolkom foar Auke de Jong, omkesizzer fan Dam, Teake Oppewal fan Tresoar en Rienk Vlieger fan Studio Staalkaart: “De parel die is opgegraven moet verder rollen.”

Muzikant Arie van Lienen struit tusken de ferhalen syn harmoanikaklanken oer oandachtich lústerjende minsken. Douwe Kootstra seit: “Jimme sitte op histoaryske grûn.” Dizze masterferteller nimt ús mei yn duvelteltsjes en sterke stikken, yn ferhalen út 'It Gea fan sterke Hearke' en yn ferhalen út it nije, al útferkochte boek 'Mearkes út de Wâlden'. En wy litte ús meinimme troch de ferhalen. Sterke stikken wurde troch beide fertellers mei humor delset. Der wurdt lake. It ferhaal fan De skuonmakker en de jonge die`t gjin diploma’s hie, bringe de fertellers mei har beiden oer it fuotljocht. Wat in moaie ôfwikseling.

Nei de foarstelling is der, sa as altyd, gelegenheid foar in drankje en in praatsje oan de bar. Douwe bekent dat er al fertellend de ferhalen wol in tredde langer makket! "Mar dat mei yn folksferhalen. It is no tiid om ús eigen ferhalen oan elkoar troch te fertellen. Dat makket dit moaie lytse teater sa bysûnder.”

Ear't ik de doar útgean stean ik even stil by it portret dat boppe de tekkenkiste hinget. Dam: pinne yn ‘e hân en in blink yn ‘e eagen. Soe er krekt in ferhaal opskreaun ha dêr’t er om glimket? Of soe er glimkje om’t in heale ieu nei't er de ferhalen garre, der wer sa'n soad oandacht foar folksferhalen is?

Ineke van der Heide

it ferhaal fertelt web1

it ferhaal fertelt web2 it ferhaal fertelt web3

Ander nieuws van st. Dam Jaarsma: