Utnoeging 'de Laatste Eer'

Utfeartferiening 'De Laatste Eer' hâldt op woansdei 20 febr. de jûns om 8 oere yn ’t Hoekje har jierlikse ledegearkomste.

Húshâldlike saken sa as it jierferslach wurde behannele en ek de finânsjes en de reserves wurde taljochte.
Ek komme der twa meiwurksters fan soarchgroep 'De Friese Wouden'. Sy sille in ynlieding hâlde oer palliative soarch, útlizze wat dizze soarch yn de lêste libbensfaze ynhâldt en wat 'De Friese Wouden' dêryn betsjutte kin.

Wy wolle de ynwenners fan Eastermar graach útnoegje op dizze jûn en fan dit nijsgjirrige ûnderwerp kennis te nimmen.

it Bestjoer

logoDLE

Werom nei de foarige side

 
 

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!