Sa’n twaënheal jier ferlyn waard it koar Koardinaasje oprjochte. Yn ‘e ôfrûne jierren lieten de sjongers har hearre op it Easterbarren en by krystsangmominten. Snein 29 maaie waard yn ’t bestean fan Koardinaasje in histoaryske stap set: in optreden op frjemde boaiem. Om krekt te wêzen yn ‘e tsjerke fan Lekkum. Koardinaasje wie dêr net de iennige sjongploech: ek de koaren fan Ferwert (‘Heusj’) en Snakkerbuorren/Lekkum (‘Hawar’) songen as klysters.
De mienskiplike faktor fan dizze trije koaren is de dirigint: Bert Noordenbos fan Wyns. Us doarpsgenoaten presintearren har mei trije lieten en dêrnei songen de koaren noch fiif nûmers meimekoar. Ut it publyk kamen wakker positive lûden oer wat te hearren en te sjen wie, dat in ekstra nûmer siet der ek noch oan!
Nei ôfrin wienen der opmerkings dat sa’n optreden grif nochris herhelle wurde moast. As útsetter koenen de koarleden en de fans it adrenalinegehalte yn it Lekkumer doarpshûs ‘De Weeme’ by in drankje wer wat op in leger peil bringe...
-
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 maart 2024
Gerbrich & It Grutte Guod t.b.v. World Servants
Op donderdag 4 april treden Gerbrich & It Grutte Guod op met hun programma Trav'lin in the footsteps... Fierder lêze »