Ofrûne saterdeitejûn ferwolkomme K.F.B.-foarsitter Wijbe Postma in ploech fan sa’n 50 doarpsgenoaten, boargemaster Eric ter Keurs en notaris Margreet Mook yn ‘e gymseal fan ‘De Burgerkamp’. It tal belangstellende Eastermarders hie neffens de organisaasje wol wat grutter mocht, mar úteinlik pakte de jûn prima út. De ynskatting fan in tal oanwêzigen dat de Doarpsfeiling diskear in opbringst fan sa’n twaënhealtûzen euro ha soe, kaam net út: it einresultaat is rom € 3800,- wurden! Geweldich!
Boargemaster Ter Keurs hie sels in skilderij makke en iepene de Doarpsfeiling 2011 mei it ûnder de hammer bringen dêrfan.
Dêrnei namen oproppers Dries van der Ploeg en Jan Brander de hammer oer. Sy brochten, elk op syn eigen unike wize, de oare 103 kavels oan ‘e man. Se slaggen der yn om mei humor en ûnferwachte setten de keapers ta bieden te ferlieden. De oanwêzige E.H.B.O.-er hoegde gelokkich net op te treden al rûn de spanning – en by guons de bloeddruk – bytiden heech op.
De ferkeapadministraasje wie by Eelke Hoekstra yn prima hannen, wylst de foto’s fan de kavels dy’t Albert Bakker yn powerpoint presintearre ek in stimulâns foarmen. Johannes Bakker soarge mei it Rad van Fortuin dat de15 prizen yn fiif rondes by it publyk telâne kamen. De topper fan ‘e jûn wie de ferkeap fan in seereis oanbean troch Catrinus Tadema. Dy brocht foar ponghâlder Oene Wagenaar € 260,- yn ‘t laadsje.
En sa kin ek no wer konstatearre wurde dat de oanwêzige doarpsgenoaten hiel wat oer ha foar it doarp, want gemiddeld is troch har € 75,- betelle foar it goede doel: ferbetteringen oan ‘e akkomodaasje fan ús sportkompleks ‘De Burgerkamp’.
-
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze »