Sûnt jierren en jierren slagge it (gelegenheids)sealteam fan ús pleatslike fuotbalklup der net yn om in plak te feroverjen yn de finalepoule fan de Tytsjerksteradiel Cup. Mar... nei in spannende foarronde op 27 desimber ll. einigen ‘ús’ jongens op in tredde plak! Se sille no kommende freedtejûn 4 jannewaris yn de Westermar yn Burgum de blau/giele kleurekombinaasje heechhâlde moatte tsjin swiere tsjinstanners lykas VV Burgum, BCV en giganten út de Trynwâlden! Hjirby roppe wy alle Eastermarder sportleafhawwers op om de boys mentaal te stypjen. Op nei de Westermar freedtejûn! De wedstriden begjinne om 19.00 oere.

zvb

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: