Easterparade foldocht net mear

Stifting Easterbarren siket in oare wize om, neist sponsoring en de ferkeap fan programmaboekjes, jild binnen te krijen foar it strjitfestival Easterbarren. It festival, dat in fêste tradysje wurden is op de lêste sneon fan augustus, moat fergees tagonklik bliuwe, neffens it bestjoer.
Foarhinne die men in berop op de ynwenners fan Eastermar fia de Easterparade, in soarte fan kollekte yn kombinaasje mei in optocht. Mar dit konsept foldocht net mear.

Dêrom sille der no op in oare wize ynkomsten ynsammele wurde moatte.De stifting wol dit dwaan yn de foarm fan donateurs. Meikoarten sil hjirfoar in oprop fan de stifting yn de bus falle, wêryn't nochris útlein wurdt wat de bedoeling fan Stifting Easterbarren is. Minsken fan de buertferienings sille dan fan 8 oant en mei 23 febrewaris de oanmeldings, in antwurdstrook by de oprop, wer ophelje.


Image

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: