Saterdei 27 augustus is foar de 16e kear it strjit- en muzykfestival Easterbarren yn Eastermar. Ek dit jier ferwachtet de organisaasje dat sa’n 7000 minsken it paad nei it smûke doarpke tusken de Leien en de Burgumer Mar witte te finen. 

Jack Bottleneck en Johan Keus sille om healwei trijen op it Breed it Easterbarren iepenje. Nei de iepening barst it barren los op yn totaal 11 poadia. Muzyk, sang, dûns, kabaret en keunst yn allerhanne foarmen. Sa binne der optredens fan û.o. Piter Wilkens, The Cube, Compromise, Inez Timmer en ek GEDOBR út Koatstertille docht mei. Folkert Wesseling fan De Tike komt mei syn bussjauffeur-act. Gymnastykferiening Set ‘m Op út Stiensgea lit sjen hokker akrobatyske keunsten hja allegear behearskje. Eksposysjes binne der fan ferskate skilders en in fotograaf. Strjitacts lykas Hymp Hamp Theater en Chateau Migraine. Spesjaal foar de jongste besikers is poppeteater Anansi út Lippenhúzen der en jeugdsirkus Saranti út Ljouwert.

Koartsein in hiele middei en jûn (fan 14.30 oant 22.30 oere) fertier en gesellichheid foar jong en âld.

Wa’t alfêst in yndruk krije wol fan de dielnimmende artysten of sfear priuwe wol fan foargeande edysjes kin mear fine op de webside: www.easterbarren.nl

Easterbarren logo 2016

jack Bottleneck
Jack Bottleneck

johan keus
Johan Keus

straatartiesten

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: