De ôfrûne 6 jier hat Boubedriuw Swart fan Eastermar haadsponsor west fan it Easterbarren. Njonken de finansjele stipe kinne we alle jierren ek in berop op harren dwaan wat materialen betreft. Bouhekken, haspels, in grutte karre en sels in kear in heechwurker ha we fan harren te lien krigen. Altyd ree om mei te tinken en noait gjin "Nee".
Eat dêr’t in grut bedriuw grutsk op wêze kin.

Nei 6 jier wiene se ree om it stokje oer te dragen oan ien fan ús oare grutte sponsors: Combex Bouwlogistiek. Want sûnder de trailers fan Benedictus Transport en de Combex soene we net alle jierren fan sokke moaie grutte poadia gebrûk meitsje kinne.
It liket simpel om sa’n dei eefkes in trailer op It Breed of by it Betterskip del te setten, mar dat freget in protte omtinken fan de planners fan it ferfier. De trailers moatte yn Eastermar stean sa’n wykein - en leech - en dan wolle we ek noch 3 stiks mei in tichte kape (huif) ha.
Koartsein: in dikke ‘tomke omheech’ foar dizze ynset en sok meitinken.
Fan no ôf sil de Combex it haadsponsorskip oernimme fan BB Swart. It Easterbarrenbestjoer is hjir hiel bliid mei.
We wolle Boubedriuw Swart nochris tige tank sizze foar de stipe al dy jierren.

logo combex

Op nei it 20e Easterbarren op 29 augustus.
Eelke Hoekstra, Wendy Keizer, Hetty Kramer, John van den Hul, Bea van der Bij en Nynke de Jong

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: