Parseberjocht 

Feestlike thúskomst ‘it doarp Eastermar’ 

Kommende sneintemiddei om 16.00 oere sille de ynwenners fan Eastermar en oare skûtsjeleafhawwers ‘it doarp Eastermar’ feestlik ynhelje en in waarm ‘wolkom thús’ besoargje. Dit bart op it rekreaasjegebiet ‘De Komerk’ oan ‘e Lits.
skutsjesile2augustus2008

Skipper Geale Tadema en syn bemanning sille yn ‘e blommen set wurde, want hja ha yn de ôfrûne wedstriidwike in tal oansprekkende resultaten helle yn 'e B-klasse fan ‘e IFKS.

Oare jierren wienen by in lyksoartich barren - somtiden by striemin waar - sa’n 200 Eastermarders en sympatisanten oanwêzich. In bewiis dat de skûtsjesilerij yn it doarp breed droegen wurdt. 

Nei ôfrin is der fansels 'It neipetear' 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: