Om’t ús doarpsskûtsje tydlik op treningsstaazje is en sa lang Terherne as thúshaven hat, is der no in oar skûtsje delstrutsen by de brêge-ein. Dit skip lei al in lyts wike by wettersportbedriuw De Lits, mar Foppe Antonides hat syn lisplakken eins noadich foar fêste klanten en helpsykjende wettersporters. Us eigen plakje by de âldbrêge is foar skipper Jelmer Bloembergen dus tige gaadlik om’t in pear oanpassingen plakfine sille en der wat materialen oan board brocht wurde moatte: “Op dit plak handiget ús dat folle better.”

En - dêr sil elk it mei iens wêze - in skûtsje op dat plak ferriket it oansjen fan Eastermar as men fan Sumar oanriden komt. De namme fan it ‘gastskûtsje’ dat no dus eefkes op ’t fêste plak fan ‘it doarp Eastermar’ leit, is... ‘De stêd Dockum’. Fandêr de oanhef fan dit stikje.

skutsje dokkum

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: