De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Eastermar’ by de Litsbrêge. De kontoeren fan fok en grutseil binne wer helder yn ’t ljocht set. Dêr ha in tal bestjoersleden en ljochtmaster Oebele Brouwer op 20 novimber foar soarge. Dat wie in fris putsje, mar it jout altiten in waarm gefoel fan ‘thúskommen’ foar ús doarpsgenoaten dy’t nei har wenplak ride. Moai!
Ek moai is ’t dat de ‘pitten’ fergees beskikber steld binne troch ynstallaasjebedriuw DRS. Tige tank dêrfoar.
Wat ek in betankje wurdich is: ús doarpssuperman, Sjouke Wijnsma, is wer ree fûn om út namme fan ‘Alles ûnder ien Dak’ de jierlikse skûtsjewynaksje te dragen.
Fan 1 desimber oant de krystdagen binne Ea-stichtingsbestjoers- en skûtsjebemanningsleden wer by de streek om de wyn oan ‘e man/frou te bringen. Der is lykwols, nei’t der12 jier lang deselde priis berekkene wurde koe, no troch priisferoaringen yn ‘e merk – in oanpassing nedich: 1 flesse reade of wite wyn of in flesse rosee dogge no € 8,00 en in doaze (6 flessen, in miks kin ek) giet foar € 45,00 ‘oer de toanbank’.
Gelokkich hearden de wynaksjerinners de ôfrûne jierren faak: ”Jawis wol ik wyn, it is ommers foar in moai doel.” En sy hoopje dat dat ek dit jier wer faak it gefal is, want dan ha wy écht de wyn mei.
Ut namme fan SIES,
Wijbe Postma
Foto's makke troch Fokje de Vries - van Dekken
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »