Opmerksume Eastermarders hawwe it al sjoen: de ferljochting fan it skûtsje is yn 'e war. En it slagget net om dy wer oan de praat te krijen. Yn de earste wiken wie it in pracht, mar dêrnei kaam der hieltyd wer koartsluting yn ‘e pripkabel mei de ‘pitten’. Want sokke lampkes mei iepen fittingen binne tige gefoelich foar wyn en benammen wetter. In pear kear koenen wy de koartsluting fine: dan waard in stikje kabel ferfongen en baarnde alles wer. Mar krekt nei de krystdagen klapte alles der wèr (!) út: it fjoer spatte út de meterkast. Ald-brêgewipper Douwe en de skriuwer fan de Stifting wienen hast blakere. Nei ûndersyk die bliken dat de kabel op tefolle plakken trochbaarnd wie. Dit fjoerwurk wie net de bedoeling.
Dêrom sil de lêste wiken allinnich de ljochtslang fan it sylteken Ea brâne. Op sa'n ljochtslang ha wetter en damp minder ynfloed. Hoewol’t âlderwetske pitten folle moaier binne, is de kâns grut dat wy kommend jier ek oerstappe moatte op it brûken fan ditsoarte ljochtslang foar it totaal, want allegeduerigen koartsluting, dêr ha wy ek samar ús nocht fan.
It bestjoer fan de Stifting It Eastermarder Skûtsje
It skûtsje mei noch komplete ferljochting (foto Klaas Kootstra)
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »