Alle jierren is der in protte belangstelling foar de donateursjûn en alle kearen is it wer spannend: passe wy noch yn Meerzigt of moat der socht wurde nei in gruttere lokaasje. Net dat de stifting dat fan doel is want in donateursjûn en Meerzigt hearre no ien kear byinoar. Dit jier koe it ek mar wer krekt en siet of stie eltsenien deun opinoar om mar neat te missen fan it wolkomstpraatsje fan de foarsitter, it omsjen nei it skûtsjeseizoen troch skipper Geale Tadema en fansels de moaie skûtsjeferhalen fan skriuwer Hylke Speerstra. Speerstra brocht mei in protte humor moaie sfearbylden fan de skûtsjesilerij fan eartiids en ek Sinterklaas kaam yn syn ferhalen noch even del.

Earegast wie Sjirk v.d. Meer, de hast 92-jierrige âld-beropssskûtsjeskipper - de lêste der Mohikanen - fan de Snakkerbuorren. Van der Meer ferraste it publyk troch Geale Tadema mei krityske fragen te bestoken, dy 't de skipper gelokkich prima parearje koe.
Gaatse de Vries hat dit jier ôfskied nommen as bemanningslid en hy waard troch de skipper út namme fan de bemanning bedankt yn de foarm fan in moai oantinken.
De stifting kin weromsjen op in hiel gesellige jûn dy't ôfsluten waard mei de tradisjonele ferlotting. It bestjoer stiet no foar de grutte taak om wer sa'n boeiende sprekker te finen foar it oare jier.  Mar earst giet fansels alle omtinken nei de kommende wynaksje.

Foto's: Rob Krimpenfort

Ofkskied Gaatse de Vries

Folle bak

Hylke Speerstra

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: