Tiisdei 24 septimber sil der fan de Komerk ôf in loftballon opstigje. Dizze ballonfeart  is organisearre troch Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' foar de priiswinners dy't meidien hawwe oan de donateursaksje, sponsoraksje (winner skûtsjepoule) en it foklûken op it Eastermarder doarsfeest.
It opstigjen fan in loftballon is altyd in hiel spektakel. Wa't dit meimeitsje wol is fansels tige wolkom op 'e Komerk. De tariedingen sille om 17.00 oere úteinsette en de ballon giet tusken 18.00 en 18.30 oere de loft yn.
Loftbylden fan Eastermar sille fansels op dizze side publisearre wurde.

Mocht it waar net loftsilersweardich wêze, dan wurdt de ballonfeart útsteld nei freed.
De loftballonfeart wurdt sponsore troch Rabobank-Burgum-De Lauwers.

ballonfeart

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: