De ferkeapaksje fan 'e Stifting 'It Eastermarder Skûtsje' is boppe ferwachting slagge. De organisearjende mêstgroep, mei as koördinator Sipke Hogendorp, gie der yn novimber '08 noch fanút dat it oan 'e man bringen fan 500 flessen wyn al in boppeslach wêze soe...

It resultaat slacht alles: rom 1100 flessen binne ferkocht en dat smyt in bedrach fan sa'n € 4000,- op. Troch de ynset fan bestjoers-, bemanningsleden en oare entûsjastelingen fan en foar 'it doarp Eastermar' is dit mooglik wurden. Mar foaral moat de reewilligens fan alle keapers neamd wurde dy 't wat ekstra's jaan woenen foar in flesse wyn, om dêrmei de oanskaf fan in nije mêst foar it skûtsje mooglik te meitsjen. Allegearre hartstikkene tank, út namme fan de Stifting.

 

etiket skûtsjewyn

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: