Yn twa ploegen hawwe hjoed ferskate donateurs mei it Eastermarder skûtsje it wetter op west. Foarôf waarden de donateurs tasprutsen troch Wijbe Postma fan St. it Eastermarder skûtsje en krigen kofje om even waarm te wurden. Doe op it motorke troch de Lits nei de Burgumer Mar, dêr 't in pear moaie slaggen syld wurde koe. Mei op it lêste stuit ek noch in aardich sintsje der by, wie it in tige slagge aksje.

donateursilen

donateursilen

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: