Op freed 1 juny wie in tal sponsors fan St. it Eastermarder Skûtsje te gast op 'it Doarp Eastermar'. It wie in prachtige jûn mei sinne en wyn. Fansels wol wat fris mar dêr hiene de measten wol rekken mei hâlden.
Nei in bakje kofje yn Meerzigt koe it skip fan wâl. Mei fjouwer bemanningsleden oan board hoegden de gasten net hiel hurd te wurkjen. Sa wie der ûnderweis romte foar moaie ferhalen, sterke ferhalen en smeudige ferhalen. Want sile op in skûtsje kin fan alles oproppe. Wilens waarden der in pear prachtige rakken syld oer in kompleet lege Mar, op in inkelde fisker nei.
Mei in pilske en in bitterbaltsje der by, nei ôfrin yn Meerzigt, wie de jûn folslein slagge.

Sile mei sponsors

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: