Op tongersdei 5, freed 6 en saterdei 7 maaie start foar skipper Geale Tadema en syn bemanning it wettersportseizoen 2016 echt. Mei ‘it doarp Eastermar’ sil dielnommen wurde oan it sylevenemint ‘Lemmer Ahoy’ dat organisearre wurdt foar skûtsjes, aken en oare rûn-/platboaiems.

It nijsgjirrige fan dizze wedstriden is dat de SKS- én IFKS-skûtsjes mekoar hjir treffe en dêrmei in moaie ynskatting makke wurde kin fan hoe’t de flagge derby stiet. De earste silerij is op befrijingsdei (5/5) om 10.30 oere yn ‘e Lemster Baai, ôfhinklik fan ‘e waarsomstannichheden fansels. De oare dagen begjinne alle earste wedstriden om 10.30 oere.

Dit wettersportevenemint wurdt op saterdeitemiddei (7 maaie) ôfsletten mei de priisútrikking en wy hoopje dat ús doarpsskûtsje dêr ek in rol yn spylje sil.

logo def2

foto edddy 1

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: