Tidens it Easterbarren hat doarpsgenoat en keunstskilder Gosse Koopmans dwaande west mei in skilderij fan it Eastermarder skûtsje. Fansels is it hiel aardich om it resultaat ris te besjen, it hinget no yn de 'digitale galery' fan Galerie Koopmans.
Foar eastermar.nl hat Koopmans tastimming jûn in foto fan it skilderij op dizze side sjen te litten. Leafhawwers fan it wurk fan Gosse Koopmans kinne ek even by de oare skilderijen sjen (klik op foto's). In protte dêrfan hawwe Eastermar as ûnderwerp.


Image

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: