Starum wie hjoed, 6 augustus, ‘the place to be’ foar alwer in dei IFKS skûtsjesilen. Fansels moast ek de bemanning fan it Eastermarder skûtsje wer oantrede.
Nei't alle mankeminten oan it skip fan ôfrûne saterdei ferholpen wiene, koe de silerij oangean.

Der wiene diskear in soad minsken út Eastermar nei Starum ôfreizige. De sfear siet der dan ek o sa yn. De start gie gâns better as ôfrûne sneon. Wer farde 'It doarp Eastermar' it iene nei it oare skûtsje foarby en kaam hjoed as twadde oer de einstreep!

Soe it súksesferhaal moarn yn Heech fierdergean?

 

Foar dyjinge dy’t der moarn hinne giet: ferjit it fototastel net!

Stjoer jo foto’s mei ferslach op. En lit sa elkenien de ferrjochtings fan de skûtsjebemanning meibelibje!

 

bemanning.jpg

De bemanningsleden fan 'It doarp Eastermar'.

 

oebele.jpg

Oebele sil út om de sponsorflagge (en it bier fansels).

 

silerij.jpg

De skûtsjes yn aksje by Starum.

 

eastermarder-fans_copy.jpg

Fansels wiene de supporters ek wer oanwêzich.

 

(Mei tank oan Anneke de Vries)

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: