Noch foar de krystdagen kinne de skûtsjewynbestellingen ôflevere wurde. Koördinator Sipke Hogendorp en Stiftingsfoarsitter Wijbe Postma binne mar twa fan 'e frijwilligers dy't hjir yn byld komme by de útfiering fan dizze tige slagge aksje. Der binne folle mear minsken mei anneks: bemanningsleden, stiftingsbestjoersleden, eigenaars en oare skûtsje-entûsjastelingen. Allegearre dwaande mei ien doel: in nije mêst foar 'it doarp Eastermar'. De trije soarten wyn -read, wyt en rosee- binne ôfrûne moandei op twa pallets ôflevere by Sipke Hogendorp oan hûs. Yn dy partij is al in aardich gat slein en de koördinator giet derfan út dat alle 1175 flessen dizze wike ôfhelle wurde troch de sutelers, sadat de Eastermarders mei de kommende feestdagen harsels trakteare kinne op in feestlik glês skûtsjewyn.

Tsjoch!

pc170995

pc171013

pc171014

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: