De Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) hâldt ek dit jier wer in wynaksje. De kommende twa wiken sille stiftingsbestjoers- en skûtsjebemanningsleden wer by de streek om reade, wite en rosee-wyn oan ‘e man/frou te bringen.

De ferkeapers binne har bewust dat hja wat konkurrinsje ha sille fan alderhanne aktiviteiten dy’t mei ‘Serious Request/Het Glazen Huis’ te krijen ha, mar witte ek dat in hiel soad doarpsgenoaten grutte sympaty foar ús doarpsskûtsje ha. Hja gean dus fol goede moed op ’en paad.

Om de priis hoecht it net oer te gean, want dy is noch altiten gelyk oan dy fan it startjier (2007) fan dizze aksje: foar ien flesse betellet men € 7,50 en in doaze (6 flessen) jildt € 40,00.
Nettsjinsteande krisis en ynflaasje waait de skûtsjewyn al jierren út deselde hoeke.

Ut namme fan SIES,
Wijbe Postma 

wijnactie2012

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: