Kommende wike sille skipper Geale Tadema en syn skûtsjebemanning mei ‘it doarp Eastermar’ besykje om in likegoed – of miskien sels better – resultaat as ferline jier te berikken by de IFKS-wedstriden (3 o/m 10 augustus).
Fansels sille in soad Eastermarders dêr wer tsjûge fan wêze wolle. De ôfrûne jierren wie it wolris sykjen by de kant lâns om út te finen wêr’t dy Eastermarder ploech skûtsjefreonen siet. It bestjoer fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje tinkt dêr no in oplossing foar fûn te hawwen: de Ea-sterbar!
Bestjoerslid Rob Krimpenfort fan ‘e Achttjinnewei hat in trefpunt yn mekoar spikere mei in doarpsflaggemêst as bekroaning. Dizze ferrydbere ‘bar’ hat in radio oan board sadat de neiste omjouwing de útstjoering fan Omrop Fryslân meikriget.

By in ‘bar’ soe men tinke kinne dat der ek drinken en iterij te besetten is, mar dat is net it gefal: it stiftingsbestjoer wol de hannel fan pleatslike ferkeapers net fersteure. Wol kinne belangstellenden ynformaasje krije fan de oanwêzige ‘barman/-frou’ oer it doarpsskûtsje, de stifting, it donateur-wurden, ensfh.
En… der binne nije T-shirts.
In nijsgjirrich inisjatyf dat it Eastermarder skûtsjegefoel grif fersterket.
EA-ynt-syl

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: