Op ‘e Sleattemer Mar, mei in hurde en skiftsjende wyn, hat it Eastermarder skûtsje in goed resultaat behelle. Nei de earste rûte hienen de mannen fan skipper Geale sicht op in poadiumplak, mar de ‘Zeldenrust’ (Kees van der Kooij) wie ús ploech krekt te fluch ôf en einige nei ‘De Wylde Wytse’ (Sikke Heerschop) en ‘Lytse Lies’ (Tony Brundel) as tredde.

ABA 7238

It wie bealgjen oan board fan ‘e skûtsjes fannemiddei, want it waaide by it begjin fan ‘e silerij in dikke fiif en yn pûsters wol seis. Benammen yn ‘e twadde rûte gie it sa mâl dat de mêst fan ‘De Goede Verwachting’ (Walter de Vries) by de mêstkoker ôfbruts en efkes letter gie de fokkeloet fan ‘De Lege Wâlden’ (Willem Prins) midstwa. Ditsoarte skea bleau ús doarpsskûtsje gelokkich besparre. Yn dyselde rûte moasten in pear konkurrinten fan ús, Henk Regts en Jeroen de Vos in strafrûntsje sile om’t hja by de tonne de fout yn gienen. Ek ‘De Jonge Jan’ (Jelle Talsma) wie troch it bluistrige waar fan slach, want de klassemintskopman kaam as njoggende oer de finish.

Yn al dy drokte sylde ús Ea in hiel deeglike wedstriid. Dat blykt wol ut de posysjes by de boppeste tonne: 7-de, 3-de en trije kear 4-de. Dit wedstriidresultaat makket dat ‘it doarp Eastermar’ no tredde is yn it algemien klassemint nei 4 wedstriden.

Manmachtich moarn nei Ychtenbrêge! Us doarpsskûtsje is dan by Omrop Fryslân Radio/TV skûtsje-fan-de-dei. Fierder melde saakkundigen dat der by it gemaal tusken Eastersee en Ychtenbrêge in moai plak is om de wedstriid te folgjen.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: