It foel net ta om op in brodzige snein mei mear as 35 graden op de binnenkomst fan it Eastermarder skûtsje wachtsje te moatten. Mar dochs stiene der in protte fans klear op de Komerk om it skûtsje te ferwolkomjen. En dêr kaam it skip justjes foar fiven oansilen oer de Lits, in pracht gesicht. Alles wat farre koe - en guon skippen wiene hiel feestlik oanklaaid - yn it kielwetter der achteroan. Muzykkorps 'de Lofstem' fan Sumar, fan healwei fjouweren ôf wiene hja al dwaande om de stimming der yn te krijen, brocht in muzikale oade oan it skûtsje. Doe't de Ea oanlein hie, wie der in spontaan applaus foar de bemanning.

binnenkomst-Ea1

Wijbe Postma, foarsitter fan Stifting it Eastermarder Skûtsje, stie klear om de manlju en froulju te ferwolkomjen. Yn syn praatsje neamde er de fraaie wedstrydresultaten mei as klap op de fjoerpylk de lêste wedstryd op de Lemmer mei in earste plakje. Ut namme fan alle donateurs, sponsors en oare fans waard de bemanning betanke foar in prachtige sylwike. Eltsenien hat genietsje kinnen fan in rige moaie wedstriden, oft dat no thús by de radio of televyzje wie, of wapene mei Eastermarder flaggen op de wedstrydlokaasjes sels. Net allinne de bemanning, mar ek alle oaren dy't harren op ien of oare wize ynset hawwe om dizze wike mooglik te meitsjen, waarden betanke. En fansels wiene der blommen en in tút fan in pear net te missen Eastermarder 'missen'. De Lofstem sette wer yn en dêr klonk it Frysk Folksliet, dat alle oanwêzigen mei-inoar, mei Fryslân en mei it skûtsjesilen ferbûn. In moai momint.

 binnenkomst-Ea2

Nee, deroer útpraat wiene de measten noch net en dêrom wie der in gesellich 'Neipetear' regele by Meerzigt. Eltsenien koe dêr terjochte foar in kâld glês drinken, in praatsje mei de bemanning en in hearlik board iten fan de BBQ fan Otte Boersma. It wie in moaie ôfsluting fan in spannende wike. De Ea én Eastermar stean wer op 'e kaart.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: