It is al hiel wat doarpsgenoaten opfallen dat ‘it doarp Eastermar’ net mear by de âldbrêge leit. Om as oefening foar de bemanning koarte treningswedstrydsjes mei oare skûtsjes hâlde te kinnen en ûnderfining op te dwaan op wat djipper of rommer wetter, hat ús doarpsskûtsje no lisplak by Terherne. De útfalsbasis dêre is in steiger by it restaurant ‘Meer van Lenten’ oan ‘e Utbuorren. De fêste treningsjûn oant de IFKS-wike (13 o/m 20 aug.) is woansdeis fan 19.00 oant sawat 21.30 oere.
Ek wurdt der mei itselde doel syld op tiisdei 26 july en twa kear op in tongersdei, 4 en 11 augustus. (Selde tiden.) Yn hoefier’t de treningsaktiviteiten fan skipper Geale Tadema en syn ploech yn Terherne goed te sjen binne, hinget fan ’e wyn ôf. Yn restaurant ‘Meer van Lenten’ fine belangstellenden dan lykwols ek in goed plak.
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »