It ôfrûne himelfeartswykein hat ‘it  doarp Eastermar’ meisyld op ‘e Lemmer. Dizze wedstriden, bekend ûnder de namme ‘Lemmer Ahoy’, wurde jierliks op Himelfeart en de freed en saterdei dêrnei hâlden. It giet om fiif wedstriden: twa op tongersdei, twa op freed en ien op saterdei. 

2012-05-18-168

Foto: Rob Krimpenfort

It dielnimmersfjild wie ferdield yn trije klassen (totaal 57 skûtsjes) en dêryn sylden SKS-  én IFKS-skûtsjes mei. It Eastermarder skûtsje wie yndield yn Klasse 1 mei 24 oare skippen, û.o. mei de SKS-skûtsjes fan Ljouwert, Boalsert, Grou, Earnewâld en de IFKS-ers De Jonge Jan, Lytse Lies, Raerder Roek en Wylde Wytse.

Op Himelfeartsdei besylde skipper Geale Tadema mei syn bemanning in 18e  en in  4e (!) plak; op freed waarden hja 10e en 12e en de saterdeis finishten hja op in 8e plak. Hjirmei garre ‘it doarp Eastermar’ 34 wedstriidpunten, likefolle as it skûtsje fan Drachten, sadat de einklassearring op in 7e plak (ex aequo) útkaam. In prima resultaat, benammen om’t úteinlik bliken die dat ‘ús’ doarpsskûtsje hast it heechst einigjende IFKS-skûtsje wie. Skipper Kees v.d. Kooy mei de Zeldenrust wie krekt wat rapper.

It is te hoopjen dat de Eastermarders op saterdei 23 juny n.k. in herhelling fan dizze treflike sylprestaasjes sjen kinne op ‘t ‘thúswetter’, de Burgumer Mar.

Wy ha it skip in oantal wiken misse moatten as blikfanger by it ynkommen fan ús doarp, mar it skûtsje leit de kommende wiken wer op syn wenstige plak by de brêge-ein.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: