Dit jier hat 'it doarp Eastermar' foar it earst meidien oan Lemmer Ahoy. Trije dagen en fjouwer wedstriden, in moaie ûnderfining. De 'Ea' sylde yn de earste klasse yn in ploech fan 25 skûtsjes út de SKS en de IFKS-A.
De earste dei wie der net folle wyn en koe der syld wurde mei it nije lichtwaar-túch. In 13e plak wie it risseltaat en skipper Geale Tadema wie hiel tefreden.
Op dei twa wie it waar al even oars. Der stie in flinke wyn út it noardeasten. It lichtwaar-túch waard dy moarn omruile foar in túch dat wat mear wyn hawwe kin. Mar omdat men noch net folle ûnderfining mei dit túch hie, stie moarns de trim net hielendal optimaal en koe der net genôch hichte halden wurde. Oare skûtsjes koene heger en ús skûtsje eindigde dêrom yn in teleurstellend 22e plak. Mar de middeis koe der revâns nommen wurde. En dat slagge. Mei dikke pûsters fan oer de fjouwer en in rif yn it grutseil sylde men nei in 11e plak.
Op sneon wie it de lêste syldei en ek op dizze dei oan wyn gjin gebrek. De bemanning moast der fol tsjin oan. Keurich yn de middenmoat kamen sy as 14e oer de streek. Yn it einklassemint kaam Eastermar op in 17e plak te stean mar wyt dat it goed stân hâlde kin tusken de konkurrinsje want foar de 'Ea' sitte yn dit klassemint mar 6 IFKS skippen!
En de nije swurden? Dy foldogge poerbêst.

De folseine útslach

lemmer ahoy

lemmer ahoy

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: