Saterdei 7 augustus: earste wedstriid fan 'it doarp Eastermar'. Tusken de buien troch is ús doarpsskûtsje einige op in sechsde plak yn 'e B-klasse fan 'e IFKS by Hylpen. Dat in better plak net slagje woe lei oan in ynsidint by de start: skipper Geale Tadema waard troch in oar skûtsje sadanich hindere dat er tsjin 'e starttonne oanfear en dus in ekstra rûntsje draaie moast.

ABA_8524

 

Sa kaam 'it doarp Eastermar' as lêste oer de startline. Dizze omstannichheid meirekkene wie it sechsde plak yn in fjild fan santjin skippen tige goed. In healoere foar de start rekke bemanningslid Ale Brouwer oerboard. Dat wie net om't er it wedstriidwetter teste woe of sjen woe oft syn swimfest wol foldie oan 'e nautyske easken, mar hy krige in triuwke fan 'e oerkommende gyk. Sjoen it wedstriidferrin hat Ale gjin neidielige gefolgen ûnderfûn fan syn swimtochtsje. Yn it earste rûntsje kaam ús skûtsje as 10e om de boppeste tonne, it twadde rûntsje wie it al opklommen nei it 7e plak. De skippen dy't foar ús leinen, wienen dreech yn te heljen. Dochs kamen de Eastermarders by it einskot noch as 6e oer de finish. Foar de supporters op 'e Hylperdyk wie't wat sneu dat it skûtsje der net yn slagge om it publyk noch in groet te bringen, mar it waar sloech sa om dat it needsaaklik wie en meitsje daliks oan it folchskip fêst om de dikke bui ôf te skûljen.

Wijbe Postma

Klik hjir foar de fotoreportaazje makke troch Albert Bakker

ABA_8536

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: