It skûtsje fan Eastermar leit al dagen net mear op syn plak yn de thúshaven.
Op 7 july hat it skûtsje op de helling west om der wis fan te wêzen dat de ûnderkant hielendal skjin en glêd is. Fierder waard der oefene op û.o. de Snitser Mar.
Op 20 en 24 july sil der by Starum op de Iselmar oefene wurde. Mei oare wurden: de tarieding dit jier is hiel wat better as yn 2007.

Geale en Douwe Tadema traine ek noch op in hiel oare wize. De bruorren binne nammentlik ek lid fan de bemanning fan it skûtsje fan Grou. Hjoed moasten de mannen yn aksje by Earnewâld. Mei startnûmer ien in superplak om útein te setten, mar Grou koe dit earste plak net hâlde. Fuort nei de start lei it al op in twadde plak achter it Hearrenfean en letter yn de wedstriid kamen Boalsert, Ljouwert en Snits ek noch foarby. Sjoch nei it filmke fan de start.

Hawar, sa njonkenlytsen komme wy, mei alle dagen Klaas en Sippy op 'e radio, al aardich yn de 'mood' foar it IFKS-skûtsjesilen. Noch eefkes en de IFKS sil fan start. Wa 't sjen litte wol dat er 'fan' is fan 'it doarp Eastermar', bestelt fansels foar de 26e july in T-shirt.
En ferjit net om jo op te jaan foar de carpool wannear 't jo fan doel binne om nei ien of mear fan de wedstriden te gean en noch plak yn de auto ha.

Op 22 july is 'it doarp Eastermar' oan bar yn Muzyk yn Bedriuw op Omrop Fryslân Radio tusken 9 en 11 oere. Dan sille de favorite nûmers draaid wurde fan de bemanning en is der in telefoanysk petear mei de foarsitter fan de Stifting.

doarp-grou1.jpg
Geale Tadema (r) flak foar de start by Earnewâld op it skûtsje fan Grou

doarp-grou2.jpg
Douwe Tadema (tredde fan rjochts) is skoateman op 'it doarp Grou'

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: