11 augustus

Troch: Anneke de Vries

De lêste dei fan de IFKS. Jim ferslachjouwer hat sa stadichoan de ein yn 'e bek. Mar alle kearen wurd ik wer nei dit spektakel hinnetreaun. Wat is it moai!

Noch ien kear de Lemmer. Wat sil it wurde? Helje we wer wat knap de finish? As it skip mar gjin averij kriget. Wy moatte it mar ôfwachtsje. Ik doar hast net te hoopjen op alwer in plakje op it earepoadium.

Dan de wedstriid. Nei in knappe start is it wer Eastermar dat as earste om de boppeste tonne hinnegiet. Wannear't ús skip by de dyk delfart dêr't heal Eastermar op sit, dan lizze hja nóch foar. Hoe is it mooglik...

Mar dan is te sjen dat de Eastermarders by de boppeste tonne in plakje ferlern ha. As se wer by ús delkomme lizze hja lykwols wer foar. De spanning is te snijen. Mar dan slagget de bemanning deryn om wer as earste om de tonne hinne te gean. Geweldich!

En dan hat ek elkenien oan de kant wol wat te sizzen: "De mêst is te koart", "De swurden binne te lyts." No it sil allegear wol, earst mar op de finish oan, de rest sjogge wy letter wol wer. Ek op dizze lêste syldei rêdt ús bemanning it foar de twadde kear op om as earste oer de streep te gean!
By it folchskip is it grut feest en alle supporters lokwinskje de bemanning.

"Wy hawwe der foar fochten", sei skipper Geale Tadema yn in reaksje. No dat wie fan de kant ôf wol te sjen!

 

lemmer_2_1.jpg

Foar de twadde kear as earste

lemmer_2_2.jpg

It Eastermarder skûtsje by it startskip fan de IFKS

lemmer_2_3.jpg

De priisútrikking fan freedtejûn. Skipper Geale Tadema kriget de priis

út hannen fan reedrydster Annemarie Thomas

lemmer_11_aug_2_copy.jpg

De hapkes nei ôfrin foelen der wol yn

lemmer_2_4.jpg

It skip yn aksje op de lêste dei fan de IFKS

Moarntemiddei, op snein 12 augustus, sil it skûtsje offisjeel yn Eastermar ynhelle wurde. Om 15:00 oere sil 'It doarp Eastermar' oanlizze by de steiger op de Komerk. Kom allegear op 'e tiid!


 

 

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: