It wurdt in drokke tiid foar de bemanning fan 'it doarp Eastermar' want it skûtsje docht oan ferskate aktiviteiten mei. In oersjoch:

  • 6 juny: vlootschouw Rottevalle
    De 'Compagnons' út Rottevalle besteane 200 jier en fiere dat jubileum grut.  Ien fan de saken dy't sy organisearje is op 6 juny de dei mei as tema 'Water'.
    It skûtsje fan Eastermar en ferskate oare boaten út ús doarp dogge dêr oan mei. Sjoch hjir foar alle ynfo.
  • 8/9 juny: De slach om Heech
    Yn dit wykein dogge ± 45 skûtsjes mei oan in 'IFKS wykein'. Ek Eastermar is fan de partij. Dizze silerij is organisearre troch de WSV fan Heech tegearre mei de skûtsjeskippers sels. Wa't de wedstriden sjen wol kin op dizze pdf in kaartsje fine mei it wedstrydwetter.
  • 14/15 juny: Fryske Olympiade.
    Hjir hawwe jo miskien al wat fan heard. It skûtsje fan Eastermar sit yn team 3. Sjoch ek de reportaazje fan Omrop Fryslân, wêryn't skipper Geale Tadema syn keatstalint iepenbieret. Dit is it folsleine programma (PDF).

22 juny: Skûtsjesilen yn 'e Wâlden
Dizze silerij op de Burgumer Mar is al in tradysje wurden. Der wurde twa wedstriden syld: om 10.00 oere en om 14.00 oere. Tusken de middei lizze alle skûtsjes op 'e Komerk. Sjoch foar mear ynformaasje op www.skutsjesilenynewalden.nl

geale-tadema
Skipper Geale Tadema yn de reportaazje fan Omrop Fryslân Televyzje

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: