Ik fûn it sels in hiele ûnderfining om nei dy fleurich kleure boatsjes op myn monitor te sjen en dat Geale en de mannen yndie net in geweldige dei hienen, krekt sa't wy fia Klaas Jansma te hearren krigen. It soe eins sa wêze moatte dat in mûsklik op ús skûtsje derfoar soarget dat se foarút sjitte, mar dat wurket net; leau my mar... Mar goed ek, want dan wurdt it krekt 'powerboat racen'.

Fia de side fan de IFKS kinne jimme fia dizze link alle wedstriden folgje (fia de 'links' yn de kolom 'Track and trace' komme jim yn it skerm mei it wedstriidtrasee fan eltse dei).
Jim kinne sels de 'werhelling'of 'replay' folgje fan wedstriden fan de foarige dagen, as jim der nocht oan hawwe! (Mar ek dan komme de mannen by Hylpen net fierder as in 16e plak trouwens...)
Fierder wiist it him sels liket my.
Wolle jimme de radio-útstjoerings fia de pc live folgje (Windows Mediaplayer)?
Brûk dan dizze link om te harkjen nei Live Omrop Fryslân
logo

Noch even it programma fan dizze wike: de wedstriden begjinne om 14.10 oere:

  • Saterdei 1 aug. Hylpen
  • Moandei 3 aug. Starum
  • Tiisdei 4 aug. Heech
  • Woansdei 5 aug. Sleat
  • Tongersdei 6 aug. Ychtenbrêge
  • Freed 7 aug. De Lemmer
  • Saterdei 8 aug. De Lemmer

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: