De silerij fan dit wykein by Langwar hat foar ‘it doarp Eastermar’ in prima resultaat oplevere. Saterdei besylde skipper Geale Tadema mei syn ploech in sechsde én in tredde plak en sneintemiddei yn ‘e saneamde ‘grutte’ finale moasten hja mar ien skûtsje foargean litte. Op dy wize kaam de einklassearring út op in fjirde plak yn in fjild fan totaal dik 40 skippen!
It begjin fan ’e earste wedstriid fan saterdeitemoarn wie frijwat gaotysk. Troch miskommunikaasje tusken it startskip en de boeiútlizzers moast nei in heale rûte de wedstriid ôfbrutsen wurde. De twadde start wie massaal falsk en moast dus ek wer oer. Beide kearen foar ’t doarp Eastermar neidielich, want doe lei it skûtsje goed foaryn. De tredde start kaam sa hastich achter de massaal falske oan, dat ‘ús‘ jonges eins te let oer de startline gienen en sa yn ‘e efterein bedarren. Lykwols einigen hja doe as sechsde.De middeis gie it better en wie it resultaat in tredde plak.
Dizze beide klassearringen makken dat hja op sneintemiddei by de bêsten fan ‘e saterdei meidwaan mochten: de grutte finale. Yn dy wedstriid kaam de Geale-ploech goed út ‘e start en gie yn ‘e earste rûte as twadde om ‘e boppeste tonne. Dat plak koe behâlden wurde oant de finish. Dit fjirde plak yn ‘e einklassearring by Langwar jout perspektyf foar kommende simmer, benammen om ‘t ‘it doarp Eastermar’ in stik as wat ferneamde skippers achter him wist te hâlden.
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »