Yn it earste wykein fan ‘e maaiefakânsje, dit jier 22/23 april, is it skûtsjesylseizoen by Langwar iepene. In start dêr’t de dielnimmers – ek ‘it doarp Eastermar’ wie fan de partij – mei mingde gefoelens oan weromtinke sille. Ien fan ús bemanningsleden sloech oerboard, in pear opfarrenden fan oare skûtsjes moasten nei ’t sikehûs, ien skûtsje tearde de saterdeis om en koe troch oprûne skea op snein net starte, twa skippen fleagen tsjin mekoar op en ek ús doarpsskûtsje hie averij: in skuor yn ‘e gaffel. In skealike saterdei dus.
Wat it ferrin fan ‘e wedstriden oangiet is it folgjende te melden: foar ús ploech ferrûn de saterdeitemoarnwedstriid net min: in fyfte plak yn in fjild fan 22 skippen. De middeiswedstriid pakte lykwols minder út: útsluting ofwol diskwalifikaasje! Wêrom? Eins wit net ien fan ús bemanning dat te fertellen. Neffens de ‘umpire’ (de IFKS-skiedsrjochter op it wedstriidwetter) soe ‘it doarp Eastermar’ in tonne rekke ha, mar nimmen – op dy ‘umpire’ nei – hat dat sjoen... Dit feit makke safolle adrenaline los dat de damp út de Eastermarder earen kaam. Namstemear omdat in twadde (!) plak besyld wie.
Troch it goede resultaat fan de earste wedstriid koe skipper Geale dochs noch yn ‘e ‘grutte’ finale op sneintemiddei meidwaan. Wylst hie bemanningslid Jan Nijhuis de gaffel repareard en koe it om 14.00 oere oangean. Nei de start waard de boppeste tonne as alfte rûne. Der waard fearn yn in Olympyske baan (‘appelflap-worst-appelflap-worst- appelflap’) en ús doarpsskûtsje fear yn ‘e folgjende rûtes fan dit alfte plak nei it achtste, sechde, fyfte en gie úteinlik as fjirde oer de einstreek. Dat is nochris ‘foarútsilen’!
Hoe’t de krekte einklassearring fan dit earste wedstriidwykein der útsjocht is op it stuit fan skriuwen net bekend. Mar mei sa’n sneinsresultaat is de fiif oeren duorjende weromreis fan ús bemanning net dreech: dy komt tefreden yn Eastermar werom.
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze »