De kommisje fan dizze silerij by De Lemmer liet de belangstellenden op it wetter en op ‘e wâl lang yn ûnwissens oer it wol of net trochgean fan de wedstriid foar de grutte A. Om tolve oere middeis wie de lytse A al ôfblaasd fanwege tefolle wyn. Pas tsjin fjouweren middeis waard it teken jûn dat de skippers har net mear ree hoegden te hâlden foar de start.
Sa koe it folchskip Gulden Belofte mei de Ea-sponsors oan board dus de haven wer opsykje. Spitich oan ‘e iene kant dat der net syld wurde koe, oan ‘e oare kant waard it de skûtsjebemanning en har oanhang wol dúdlik dat it doarp Eastermar in hege einklassearing net mear ûntgean kin. Dat wie fannemiddei op ’t folchskip in lokwinsk wurdich. Foar bemanningslid en mei-skûtsje-eigner Hendrik Tadema twa, want hy fierde hjoed syn jierdei.
Earder op ‘e dei ûnderskieden twa bemanningsleden har noch troch in drinkeling út it wetter te heljen. Dêrby rûnen hja wat skrammen op, mar dy sille saterdei, op de lêste syldei, gjin problemen jaan.
Mei it sicht op in earste plak – ús skûtsje moat yn alle gefallen Wylde Wytse (Sikke Heerschop) foarbliuwe – wurdt der al tocht oan in feestlike ûntfangst op kommende sneintemiddei.
Plak en tiid: de Komerk, 17.00 oere.
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze »