Wa wit wêr’t de wyn weikomt?
Dat wie fannemiddei op ‘e Sleattemer Mar de fraach foar elts dy’t wat mei de grutte A-klasse te krijen hie en nimmen wist it antwurd: de organisearjende kommisje net, de wedstriidlieding net, de skippers net en de taskôgers net. Dêr kaam noch by dat der in pear swiere buien mei wjerljocht en tonger oer de mar strûsden. Dy makken dat it gehiel der net feiliger op waard. Tsjin healwei fiven naam de wedstriidlieding it beslút om de wedstriid ôf te blazen. En terjochte.
Doe’t der om kertier foar trijen – wol in kertier letter as de bedoeling wie, want de lytse a-klassesilerij wie ek útrûn troch de skiftsjende wyn en de dêrút folgjende
baanoanpassingen – koe de grutte A ynearsten wol starte. Us doarpsskûtsje hie net in minne start en besylde yn it krúsrak fan ‘e op-en-del-baan by de boppeste tonne in 5-de plak. Doe gie ’t finaal mis… Omdat de wyn fan súdwest nei súd draaid wie, lei de ‘spreader’ foar in tal skippen wakker ûngaadlik. Alhielendal foar it doarp Eastermar en dy dreau dus yn ‘e wyn op nei dy spreader. Op in bepaald stuit lei it skip fan Geale alhiel stil en siigde doe tsjin dy spriedtonne: strafrûntsje. Mar mear skippen rekken dêr yn ‘e knoei, sadanich sels dat Wylde Wytse boppe-op it swurd fan de Lonneke batste. It wie in komplete gaos.
De wyn skifte noch mear en de wedstriidlieding koe net oars beslute as mei dizze brike farderij te stopjen, temear omdat der in swiere tongerbui oankaam mei dêryn, bliek letter, wynkrêft 9 Bft.
Der waard nei dy bui noch wol besocht om der in nije baan yn te lizzen, mar ek dat waard neat troch én wynskiftingen, de wyn siet ynienen yn ’t súdeasten, én wer tongerdriging. Foar de ynhelwedstriid fan moarn op Ychtenbrêge feroaret der dus neat oan ’t algemien klassemint: it doarp Eastermar bliuwt 2-de.
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze »