De dei foar de iepeningswedstriid op ‘e Iselmar by Hylpen seagen skipper Geale Tadema en syn broer Douwe op Omrop Fryslân foarút op dizze start. Hja hopen dat, krekt as yn 2018 doe’t it doarp Eastermar kampioen waard, ‘alles op syn plak falle soe’ en seinen dat se alle betrouwen yn de skûtsjebemanning hienen.

Dat lêste wie folslein terjochte want op dat romme wetter krigen se it klear om yn it earste part fan ‘e wedstriid it skip as de brânwacht rinne te litten. Hja sylden yn de twadde rûte fan it 10-de plak nei it 4-de. Mei wat mear gelok siet der doe sels in twadde plak yn. Lykwols foel net alles op syn plak yn it fierdere ferrin fan ‘e wedstriid, want de wyn – it waaide in romme 3 Bft – begûn te skiften en soarge derfoar dat de konkurrinsje op in oar part fan it wedstriidwetter dy wyn better ‘pakte’. Sa sylde ús doarpsskûtsje ‘achterút’ nei plak 7 en finishte as 12-de. 

De winner waard Ora et Labora fan promovendus Sietse Broersma (Heech) en in oare promovendus, Pieter-Jilles Tjoelker mei de Sterke Jerke (Earnewâld), waard twadde. Foar de gasten op it folchskip De Gulden Belofte en de supporters op de dyk wat teloarstellend, mar ien fan de Ea-bemanningsleden bleau optimistysk en sei: “Lit ús dit mar beskôgje as ‘aftrek slechtste resultaat’. 

Moed hâlde dus. 

ALB 5887

ALB 5891

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: