Eins hie net ien der mear op rekkene, mar doe’t nei oardeloere wachtsjen in koelte fan 2 bft oer de Iselmar streake, koe de earste IFKS-wedstriid fan 2015 dochs noch begjinne. En hoe! It doarp Eastermar keas foar de frije romte by dy start en sa slagge it om as earste de boppeste tonne te besilen: de 5 punten foar it sprintklassemint wienen uzes!
Dêr bleau it eins ek by, want yn it folgjende foar-de-wynse rak kamen Geale en syn bemanning noch wol as earste om de folgjende tonne, mar yn it loefduel mei de Striidber fan Siebo Zijsling rjochting ûnderwynse tonne moasten uzes dat earste plak ôfstean. As twadde gienen de Eastermarders it folgjende krúsrak yn, mar keazen dêr in rûte dy’t har hielendal yn ‘e fernieling brocht. Op in bepaald stuit lei ús doarpsskûtsje ‘foar dea’ by de Hylper haven: de wyn wie folslein fuortfallen en sa ferfoel dizze wedstriid ta in gelokssilerij fan jeheisa...
Foar ús nije bemanningslid Timme Koudstaal, ynfallen foar Jelmer Hoekstra, wie dit in hiel nije ûnderfining en grif ek wol foar alle oaren, want fan plak 1 achterútsile nei plak 13 meitsje jo net sa faak mei.
Moandei mei nije moed by Starum der wer foar!
Tekst: Wijbe Postma
Foto's: Rob Krimpenfort
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 05 april 2024
Doop skûtsje de Broekophâlder
De Broekophâlders nodigen u van harte uit voor de doop van het skûtsje op 21 april a.s om 14.00 uur!... Fierder lêze »