Sneon 26 july: It sil heve...

imgp1203.jpg

...nei in goeie tarieding dit jier hawwe de mannen der sin oan. Dizze wike is der noch twa kear oefene yn Starum en se seine: "It moat nó wêze, wy binne der klear foar !" Dus freed 25 july om 18.00 oere sette se ôf nei Starum om op de ‘Gulden Belofte’, ús folchskip, de bepakking en iten oan board te sjouwen. De froulju meitsje de keamers klear wylst de mannen it skûtsje ree meitsje foar de oare deis. Om 22.00 oere hat Geale syn lêste peptalk hâlden en Oebele it nije EA-shirt oanbean. Letter noch efkes gesellich sitte en dan op bêd, want moarn 7 oere wer warber en om kertier oer sânen farre. Under it moarnsiten de skûtsjepool ynfolje dy’t Geale betocht hat en dan it skûtsje ree meitsje. Der stiet hast gjin wyn mar it startskip leit wol klear, dus nei it ynsilen hearre wy in skot. Se lizze der goed foar mar fuort dêrnei twa skotten. De wyn dwylt fan súd nei noard en letter is der alhiel gjin wyn mear. De wedstriid wurdt ôfsketten. Spitich foar de bemanning, mar ek tige spitich foar alle Eastermarders op ‘e dyk: in pracht gesicht fan it skûtsje ôf. It goeie nijs: moandei sile wy! Dan yn Starum. En bykommend foardiel: wy hawwe noch gjin protesten, gjin strafpunten.

Oant de oare kear,

Fokje en Oebele

imgp1226.jpg

imgp1229.jpg

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: