Wêr is de ein ? Eastermarder skûtsje earste yn de B-poule !
Woansdei, Sleattermer Mar. De fjirde IFKS-sylwedstriid mei ús Eastermarder skûtsje. Ier en betiid wienen wy wer op it wedstriidwetter om, mei de lichte koelte, de seilen sa goed mooglik te trimmen. Nok der wat by, de kloaten wat strakker, de overloop in slachje nei achteren. Abracadabra foar sânhazzen, dúdlike taal foar silers. En dêrfan binne der hieltyd mear yn Eastermar!
Earst in massale falske start (net foar ús) en dêrnei kaam de definitive knal om ús fuort te sjitten. Wy hienen in magistrale start: healwei de startline, earst oer bakboard en dêrnei troch de wyn. Oer stjoerboard koenen wy krekt foar alle skippen del en dat betsjutte dat wy fuortendaliks op kop leinen. Want letter, by de heechste tonne, leinen wy oer bakboard en dat hâlde yn dat de oaren achter ús del moasten.
‘Ea, in winner’ dat stiet op de T-shirts fan it publyk op de folchboaten en op ‘e dyk. En yndied: 'Ea' wie ek op Sleat wer in winner. Want nei in tige ynspannende striid bleaunen wy alle oare boaten foar. Utrinne oan de wyn, wer meters ferlieze foar de wyn. De taskôgers tochten miskien: dy sile tige noflik nei de finish, mar neat fan dat alles. Elk fleachje moasten wy opheine, alle meters befjochtsje. Oan de finish wie it dan ek, nei de finishskiptoeter, in allemachtich jûchheien en mekoar op ‘e skouders slaan. En dêrnei de swimfesten út. Alhiel út de liken mar wol tige optein. Ek doe’t wy seagen dat de konkurrinten der net echt goed by wienen: De Poep en de Singelier net by de earste trije.
Wy wienen sá út de skroeven, dat wy spitigernôch fergeaten om efkes nei it strân by de ‘fans’ lâns te silen en om sa de Eastermarder taskôgers tank te sizzen. Ekskuses: hooplik kinne wy it goedmeitsje op ‘e Lemmer.
Ferline jier yn de maitiid skreau Rienk Vlieger in profetysk stikje: Klaas Jansma dy’t op Omrop Fryslân it Eastermarder skûtsje beskriuwt yn de A-klasse. Eltsenien tocht doe : "Bêste bemanning, bêst bestjoer, dream mar lekker troch”. Mar stel... stel...: noch twa knappe wedstriden en… de A-klasse is in feit! Net te leauwen!
Der sil grif noch ris in kear in mindere útslach komme, mar dit nimme hja ús n'Ea' ôf. Earste yn ‘e B-poule en sa lang as wy by de IFKS sile, alle kearen op it poadium. Jûn mar it feest fan Sleat yn !!
En Geale: dy moat as winner jûn it grutte kanon fan Sleat ôfsjitte. Eltsenien sil witte wa’t dy wâldpiken binne !!
Oebele en Fokje
Foto Mient van Kammen
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze »