Hjoed 4 augustus makke 'ús eigen' skûtsje, 'It doarp Eastermar' mei skipper Geale Tadema oan it helmhout, syn debút by it IFKS skûtsjesilen. It skûtsje docht mei yn de C-klasse. Mei in wynkrêft 4 oant 5 sylde it moai op 'e Iselmar by Hylpen.
Mar hielendal sûnder averij is ús skûtsje net fan start gien. Tsien minuten foar it startskot knapte de kraanline en kaam de gyk nei ûnderen en moast it grutseil foar in part strutsen wurde. Krekt op 'e tiid krige de bemanning alles wer teplak en gie it op 'e start oan. De wyn die syn wurk en it skip skeat foarút. It skûtsje glied oer it wetter en it iene nei it oare skûtsje waard ynhelle. In prachtich gesicht!
Doe kaam de finish foar de yn totaal tolve skûtsjes. Geale Tadema en de bemanning slaggen deryn om it skûtsje op syn earste wedstriid as tredde oer de finish te krijen! In machtich moaie prestaasje!
De earste trije yn it klassemint:
- Jelle Talsma mei de 'Jonge Jan' fan Warten
- Jehannes de Vries mei de 'Gerrit de Vries' fan Snits
- Geale Tadema mei 'It doarp Eastermar'
'It doarp Eastermar' yn aksje op de Iselmar
Fansels wiene der ek supporters nei Hylpen ôfreizige
Ferslach makke troch Anneke de Vries.
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze »