Oriïntearjend begjin
De earste dagen op ’t Lemster wedstriidwetter pakten foar ‘it doarp Eastermar’ hiel ferskillend út. De bedoeling wie om it nije túch (fok en grutseil) út te prebearjen en sa in basis te lizzen foar de IFKS-wike. Dat is mar foar in part slagge.
Op Himelfeartsdei, dit jier tagelyk mei de befrijingsfestiviteiten, waarden der twa wedstriden syld. Us doarpsskûtsje wie, mei in tal SKS-skûtsjes en oare grutte A-skûtsjes út de IFKS, yndield yn Klasse 1, mei-inoar 25 skippen. By de wedstriid fan ‘e tongersdeitemoarn einige de Ea op in 16e plak. Yn de middeissilerij wie dat twa plakken leger: 18e.
Geales jierdeikado’s
Op de freedtemoarn die bliken dat de opdiene ûnderfining fan ‘e tongersdei fertuten die, want ús doarpsgenoaten, mei Hendrik Hoekstra as nij bemanningslid oan board, einigen op in kreas 9e plak. Dit resultaat soe beskôge wurde kinne as in aardich presintsje foar skipper Geale Tadema, want dy fierde dizze sechsde maaie syn jierdei!
De middeiswedstriid hie lykwols in hiel oare ferrassing foar skipper en bemanning yn petto. Silend op in fertsjinstlike 12e posysje waard de hiele ploech oerfallen troch in pûster dy’t de polderdyk oerkaam. En doe gie it skûtsje om... Grutte skrik fansels, mar achterôf die bliken dat der gelokkich gjin persoanlike ûngemakken plakfûn hienen, op in tsjûke knibbel by Sipke Hogendorp nei. De materiële skea bleau beheind ta it ferlies fan mêstlûk en wynfaan, in ûnderdompele bûtenboardmotor en bulten wiete klean. De iennige dy’t it hielendal drûch hâlde koe wie Hendrik Hoekstra. Syn ferklearring foar dizze tafaller: “No sjoch, ik ha dêr de oplieding foar hân.” De legeroplieding is noch net sa min.
Sa’t it no liket kin ‘it doarp Eastermar’ saterdei (dei 3) wol wer it wedstriidwetterwetter op.
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 05 april 2024
Doop skûtsje de Broekophâlder
De Broekophâlders nodigen u van harte uit voor de doop van het skûtsje op 21 april a.s om 14.00 uur!... Fierder lêze »