Poadiumplak wis!

Doarpsgenoaten,

De útslaggen fan de IFKS-silerij yn ‘e A-klasse binne foar ús doarpsskûtsje sadanich dat in poadiumplak wis is! De ôfspraak binnen de Stifting It Eastermarder Skûtsje is dat by sa’n prima resultaat de thúskomst fan skip en bemanning ekstra omtinken kriget. En by it beheljen fan it kampioenskip wurdt der noch in skepke boppe-op dien.

Dus… sneintemiddei om 17.00 oere komt it doarp Eastermar oan op De Komerk. It is foar de suksesfolle ploech fan skipper Geale Tadema fansels moai as dêr in kloft folk stiet om it goede resultaat ekstra glâns te jaan. 
Us oprop is hjirby dan ek: “Allegear komme!!!

Mar net allinnich dy snein komme… ek kin saterdeitemiddei by it bekend wurden fan ‘e einútslach de flagge út. Dat is dus it folgjende fersyk oan jimme om óf de doarpsflagge, óf de Fryske pompeblêden, óf de nasjonale trijekleur út te stekken. Besykje ek buorlju en buertgenoaten safier te krijen dat se de flagge oan ‘e gevel hingje. Dwaan, want dit is de earste kear dat ús doarpsskûtsje dit resultaat berikt.

Yn ús saneamde ‘Neipetear’ sille wy yn Herbergh de Parel noch in neisit hâlde en wa't tiid en nocht hat kin dêr ek by wêze. Wy hoopje op in prachtige ôfsluting fan in hiel bysûndere IFKS-wike 2018.

Wijbe Postma (foarsitter SIES)

binnenkomst Ea

Mear skûtsje- en Stiftingnijs: