Lykas bekend moat der dit jier start wurde yn 'e B-klasse fan 'e IFKS. It startskot foar dy klasse falt moarns al om 9.50 oere. Tsien minuten letter giet ek de C-klasse los. De C-klassers binne fan 'e B-klassers te ûnderskieden trochdat de C-ers in Fryske flagge boppe it grutseil fiere. Mar fansels giet de belangstelling fan 'e Eastermarders út nei de prestaasjes fan skipper Geale Tadema en syn bemanning mei 'it doarp Eastermar'. Foarige jierren wienen donateurs en sympatisanten manmachtich oanwêzich om de sylprestaasjes fan bemanning en skip te folgjen. Wapene mei toeters en doarpsflaggen stipen hja fan de wâl ôf of fanút boaten by it wedstriidwetter har 'matjedoaren'. Mei dizze stipe moat it mooglik wêze om dit jier werom te kommen yn de A-klasse. De earste wedstriid wie dus saterdei 7 augustus by Hylpen. Moandei 9/8 wurdt der fearn by Starum, tiisdei 10/8 by Heech, woansdei 11/8 by Sleat, tongersdei 12/8 by Ychtenbrêge en de freed en saterdei dêrnei is de striid op 'e Lemmer. Wol de lêzer fan dizze oankundiging noch mear ynformaasje ha en krekt witte fan hoe-en-het, dan kin dy syn ljocht opstekke op 'e hiemside fan 'e Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: