De lêste wiken is der in soad bard mei ús skûtsje 'it doarp Eastermar'. Nei de prachtige silerij op de Burgumer Mar, mei wat mindere resultaten, mar dêrnei wisten wy wol wat wy feroarje moasten, hawwe wy ferskate kearen oefene. Earst op de Burgumer Mar en de lêste wiken op woansdei en snein op de Snitser en de Hegemer Mar.
sktsje_eastermar

Djipper wetter en oare skippen om ús mei te mjitten.
De nije mêst foldocht poerbêst, mar it hat wol tiid naam om dy goed út te trimmen: alles moast wer op 'e nij yn balâns brocht wurde. Dat is no klear. En nei 13 juny wie dúdlik dat de fok te lyts wie foar de nije mêst. Derom hawwe wy fan it SKS-skûtsje fan de Jouwer in pear-jier-âlde moaiwaarfok kocht. Grutter en boller as ús âlde. Dernjonken hawwe wy fan harren ek noch in pracht minwaar-túch kocht. Net  lytser mar wol flakker en dêrom poergeskikt om in soad wyn te fersjouwen. Wy koenen al wynkrêft 6 oan!
As lêste hawwe wy it skûtsje noch út it wetter helle om it flak (ûnderwetterskip) skjin en glêd te krijen.
No binne wy klear foar de earste wedstriid yn Hylpen, op saterdei 1 augustus. Folgje ús fan de wâl ôf, fia Klaas Jansma of ... fia de webside.

Oebele  (skoateman)

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: