It Eastermarder Skûtsje sil net op it doarpsfeest te pronk lizze en yn dit berjocht is te sjen wêrom... It skûtsje leit wer yn twa helten. Mar gjin panyk..., dit is mei opsetsin bard.

Image

Foarige wike is der alle jûnen oant midden yn de nacht trochwurke en einlings is it laskjen, it ynsetten fan nije stikken izer en it slypjen klear. It skip koe ôfrûne freed nei de straler. Mar om dêr te kommen moast it skip earst wer yn twa helten 'seage' wurde... It skip koe oars út de loads wei de draai net meitsje. By de straler binne de twa helten wer oaninoar laske en is it wer ien skûtsje wurden.

Image

It skip sil fan binnen en fan bûten straald wurde. Dêrnei komt it yn de primer en de twakomponinteferve. De Tadema's, de eigners fan it skip, kieze as it even kin foar kwaliteit om de kommende jierren sa min mooglik tiid kwyt te wêzen oan ûnderhâld, sadat der mear tiid oerbliuwt om te silen. Dêrom wurdt ek fan binnen alles straald.

Image

Nei it stralen en fervjen kin it opbouwen fan it skûtsje begjinne. No 't it skûtsje yn dizze faze fan restaurearjen kaam is, nimt de spanning ta. Hoe sil it skûtsje aansen sile? Kin it goed meikomme mei oare skûtsjes? Is it in linich skûtsje, sa't Sippy Tichelaar fan de Omrop in maklik te manûvearjend skûtsje neamt. Wy moatte it allegear noch eefkes ôfwachtsje mar it is samar 4 augustus en dan kin de earste ûnderfining opdien by de IFKS-wedstriid yn Hylpen.

Donateur wurde fan it Eastermarder Skûtsje ?

Image

Image

Image

Image

 

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: