De wyn draaide freed, krekt foar de start, 180 graden en foel dêrnei kompleet fuort. Tiid genôch om it grutseil twa kear nei beneden te heljen en de strop en de rakbannen oan te passen. Want mei sa'n âld túch as Eastermar hat, moat men op de feroarings fan it waar ynspylje. Skippen mei nijere tugen hawwe dizze soarch net.

Nei in drege start op it alderlêste plak wie 'it doarp Eastermar' nei ien rûte al twa plakjes opskood. En yn de rin fan de wedstriid soe it noch better wurde en kamen wy als 11e oer de streek. Nei in tawiisd protest waard dat úteinlik it 10e plakje. Spitich dat Eastermar krekt net de 'Los Boys' achter him hâlde koe en Eelke Dijkstra kaam in pear sekonden earder oer de finish. Wie dat net it skip dêr 't Eastermar earder in protest tsjin hie, yn de rin fan de ôfrûne wike? Sportyf ferslaan hie moai west, mar dat slagge dus krekt net. Dochs wie de bemanning tefreden oer it ferrin fan de wedstriid. "Dit giet better!" Spitigernôch is dat nei alle gedachten te let om it plak yn de A-klasse te konsolidearjen mar der is dochs wat wûn dizze wike. En dat binne de talrike learmominten.

Op sneon wurdt der mear wyn ferwachte en men hopet dan it oare túch der opsette te kinnen. Dit túch is foar de simmer oankocht (ek healsliten mar geskikt foar mear wyn) en it soe moai wêze as der noch in kâns komt om mjitte te kinnen hoe't dizze seilen foldogge. Dat betsjut net útsliepe mar wurk oan 'e winkel! Net dat der al wat fan útsliepen kaam is. Eastermar wie de hiele wike it iennige skûtsje yn de A-klasse dat alle moarnen oan it ynsilen west hat.
Wy binne tige benijd hoe't it sneon op Lemmer 2 gean sil.

In taskôger op it folchskip 'Gulden Belofte'

finish Lemmer 1
Eelke Dykstra (it skip achter de Ea) giet justjes earder oer de finishline

Foto's IFKS Lemmer 1 >>

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: